Deputearre De Vries yn Brussel

Deputearre Jannewietske de Vries is tongersdei foar it earst oan it wurk yn har nije funksje as foarsitter fan de NPLD. Se liedt yn Brussel foar dy organisaasje in gearkomste.
It NPLD is in Network for the Promotion of Linguistic Diversity. De organisaasje komt op foar meartaligens yn Europa. Dêrûnder falle ek minderheidstalen lykas it Frysk.
Ferline jier oktober is De Vries keazen as foarsitter.