Grutte brân yn pleats Wyns

20 feb 2013 - 22:00

By in grutte brân is woansdeitejûn in pleats yn Wyns foar in grut part ôfbaarnd. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke it reiten tek yn de brân en it fjoer wreide him hurd út. De brânwacht hat wol it foarste part fan de kop-hals-romp-pleats rêde kinne.

Yn de pleats sit in bêd en brochje. Op it stuit fan de brân wie dêr in groep fan santjin studinten. Dy koene der allegearre op 'e tiid útkomme. By de brân is asbest frijkaam.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)