Tsjerke Ferwâlde moat opknapt

De herfoarme tsjerke fan Ferwâlde moat sa gau mooglik opknapt wurde. Dat seit tsjerkerintmaster Stellingwerf fan de 250 jier âlde tsjerke. Sa moat de draachbalke foar it oargel ferfongen wurde, om't dy fersakket. Fierder moat stúkwurk dien wurde.
It wichtichste is lykwols dat de flier fan it âlde gebou oanpakt wurdt. Dêr binne de ôfrûne jierren al ferskate minsken trochhinne sakke. It Ryk hat in subsydzje fan 25.000 euro beskikber steld foar de wurksumheden.