Plysje siket op A50 nei spoar

20 feb 2013 - 16:28
  • Plysje-embleem

De plysje hat woansdeitemiddei de middenberm fan de A50 tusken Heerde en Epe trochsocht op syk nei spoaren fan de sjitpartij. In plysjeman rekke dêr freed slim by ferwûne. In 37-jierige ynwenner fan Wolvegea waard dêr nei in achterfolging oanhâlden. Derby waard ek sketten. Neffens de plysje binne der gjin bewizen fûn dat de fertochte sels sketten hat. De plysjeman soe dan ek ferwûne rekke wêze troch in kûgel fan de plysje sels. Wêr't by de A50 krekt om socht is, wol de plysje net sizze.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)