Himpkwekerij yn Blije oprôle

© ANP XTRA
Oan de Farrewei yn Blije is woansdeitemoarn in himpkwekerij mei 379 planten oprôle. De plysje fûn de planten op twa sliepkeamers. Se diene de ynfal nei anonime tips, tips út de buert en eigen ûndersyk. Der binne noch gjin fertochten oanhâlden. De plysje sil mei de eigener fan it hûs prate. Ek op twa oare plakken hat de plysje kwekerijen oprôle. Dêrby binne noch in tsiental planten fûn.