MCL en Drachten ha reserves

It MCL yn Ljouwert en Nij Smellinghe yn Drachten hawwe folle hegere finansjele reserves opboud yn ferliking mei oare sikehûzen yn Nederlân. De gemiddelde solvabiliteit fan sikehûzen leit om de 15 persint hinne. It MCL hie yn 2012 in persintaazje fan 41 persint en Nij Smellinghe 35 persint. Foar it Drachtster sikehûs betjut dit sifer konkreet dat der 50 miljoen euro is foar ynvestearrings en it opfangen fan mooglike tsjinfallers.