Ein oan Makkumer ierdewurk

20 feb 2013 - 12:38

Ierdewurkfabryk Tichelaar yn Makkum hâldt op mei it meitsjen fan tradisjoneel diggelguod. It âldste noch besteande bedriuw fan Nederlân rjochtet him tenei op de profesjonele merk mei grutte tegelprojekten fan arsjitekten. Dat docht Tichelaar al in skoft en der sit genôch wurk yn foar de takomst. De winkel oan de Turfmerk giet ticht. Op Himelfeartsdei wurdt de foarried mei koarting ferkocht. It fabryk ferhuzet yn de simmer fan de Turfmerk nei it gebou bûten it doarp dêr't al grutte projekten makke wurde. Fiif fan de 52 minsken ferlieze har baan.

In Spaanske kaart út de 16e ieu is it earste bewiis fan in diggelguodfabryk yn Makkum. Tichelaar is al hast 450 jier dwaande mei it ambacht. Earst as produsint fan bakstiennen. Letter, yn 1670, giet it fabryk oer op it meitsjen fan gebrûksdiggelguod. Sûnt 1890 wurdt yn Makkum benammen sierdiggelguod makke. Moai beskildere stikken lykas de ferneamde Makkumer tegeltjes, skalen en teepotten wurde út de winkel wei yn it sintrum fan Makkum ferkocht. De hjoeddeistige direkteur Jan Tichelaar is alwer de 13e generaasje dy't de toutsjes yn hannen hat. Under syn lieding binne grutte projekten fan de grûn kaam yn stêden lykas London en New York. Tichelaar fersoarget hjir de betegeling fan grutte gebouwen, bygelyks it Museum of Arts & Design.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)