Nijbou MFC Strobos kin los

20 feb 2013 - 12:12

Beswieren fan omwenners tsjin de bou fan in multyfunksjoneel sintrum yn Gerkeskleaster/Strobos binne troch de Rie fan Steat fan tafel fage. Yn dizze noch te bouwen akkommodaasje moatte basisskoalle, berne-opfang, pjutteboartersplak en jeugdhonk komme. Omwenners binne benaud foar lûdsoerlêst, minder privacy en oerlêst fan auto's. De Steatsried oardielet dat der gjin regels oertrêden wurde en dat de gemeente maatregels treft om oerlêst foar te kommen. Sa wurde beammen plante en komt in konstruksje om lûdsoerlêst te beheinen.

No't de útspraak der is, kin de bou fan de akkommodaasje los. Wethâlder Marten van der Veen ferwachtet dat de nije akkommodaasje ein dit jier klear wêze kin. Mei-inoar kostet it hiele projekt nei alle gedachten sa'n 2 miljoen euro.

Trefwurden: 
Strobos MFC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)