F16's oefenje boppe Flylân

F-16 © ANP
F16's fan de fleanbasis Volkel sille nije wike boppe Flylân oefenje. Fan moandei oant en mei tongersdei wurde bommen ôfwurpen boppe de Flyhors. It giet om 16 saneamde fiifhûndertpûners. Op buoreilân Texel wurde mjitposten ynrjochte om de lûdsoerlêst te registrearjen. Dizze mobile mjitposten steane rjochtstreeks yn kontakt mei it Flyhors-oefenterrein. Dat gebiet is by de oefeningen sletten foar it publyk.