Koart pleit tsjin aaisykjen

Yn it koart pleit tsjin it beslút fan de provinsje om it ljipaaisykjen ta te stean hat de Faunabeskerming de biolooch Theunis Piersma as tsjûge-saakkundige oproppen. Faunabeskerming makket beswier tsjin de ûntheffing dy't yn Fryslân jildt op it ferbod om ljipaaien mei te nimmen. Dy ûntheffing is foar de kommende trije jier. Piersma is tsjinstanner fan it aaisykjen, it bringt neffens him de populaasje tefolle skea ta.
De rjochter wol foar 1 maart mei in útspraak útkomme omdat dan it aaisikersseizoen begjint.