Ekonomy giet noch net goed

It giet noch hieltyd net goed mei de ekonomy yn Noard-Nederlân. Dat docht bliken út in enkête dy't de Keamer fan Keaphannel elk fearnsjier hâldt. In tredde part fan de bedriuwen ferwachtet dat de omset ôfnimme sil en dat se personeel dien jaan moatte. Mear as de helte fan de ûnderfregen ferwachtet dat de omset gelyk bliuwt. Dêrmei giet it krekt wat minder as ferline jier. Opfallend is dat njonken de bousektor ek de saaklike tsjinstferliening ûnder druk komt te stean. Yn dy sektor rinne omsetten werom.
Bedriuwen dy't in soad eksportearje dogge it lykwols al goed. Sy binne oer it generaal positiver oer de takomst.