Plysjeman rekke troch kollega

19 feb 2013 - 22:27

De plysje dy't sneon delsketten is by Hattemerbroek, is troch ien fan syn kollega's rekke. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Ryksresjerzje. De plysjeman leit mei swiere ferwûnings yn it sikehûs. De sjitpartij hie te krijen mei de oanhâlding fan in 37-jierrige man út Wolvegea. Dy wurdt fertocht fan swiere mishanneling. Hy hie in stopteken krigen, mar naaide út. By Hattemerbroek waard er klem riden. By de oanhâlding waard sketten troch de plysje. Ien fan de kûgels hat de kollega rekke sa is no definityf troch de resjerzje befêstige.

Trefwurden: 
plysje kûgel Hattemerbroek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)