Krityk op brief Plasterk

19 feb 2013 - 21:39

De feriening fan Fryske gemeenten kin har net fine yn de brief fan minister Plasterk oan de Twadde Keamer. De minister stelt dat gemeenten mear as 100.000 ynwenners ha moatte om alle taken dy't se ynkoarten fan it Ryk krije, goed útfiere te kinnen. Fierder moatte de provinsjes mear foech krije om gemeenten ta fúzje te ferplichtsjen. Fryslân soe, as it oan Plasterk leit, net mear as seis gemeenten telle moatte. De fúzjegemeenten SWF, De Fryske Marren en de takomstige gemeenten NW-Fryslân en NE-Fryslân telle gjin fan allen 100.000 bewenners.

Dy kinne de taken dus net goed útfiere neffens Plasterk. De feriening fan Fryske gemeenten kin har net fine yn it grutte tal ynwenners fan de minister. Neffens de feriening beslute Fryske gemeenten sels of se fuseare, of gearwurkje wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)