Wenlêsten SW-FRL omheech

19 feb 2013 - 17:31

De wenlêsten yn Súdwest-Fryslân gean maksimaal 1,74 prosint omheech, sa hawwe boargemaster en wethâlders bekend makke. It wichtichste part dêrfan is de ûnreplikgoedbelesting.

Neffens de vereniging Eigen Huis ferheget mear as de helte fan de Nederlânske gemeenten dizze belesting mei mear as de tastiene trije prosint, mar dêr bliuwt Súdwest-Fryslân dus ûnder. Dat hat de gemeenteried earder ek sa besletten.  

In koarting op de ôffalstoffeheffing sit der dit jier net mear yn. Takom freed falt de slúf mei de gemeentlike belestingen by de ynwenners fan Súdwest-Fryslân troch de bus. Dêrby sit ek in ynformaasjekrante dêr't it ien en oar yn útlein wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)