Sintrum Bilgaard rint leech

19 feb 2013 - 17:08

It winkelsintrum Bilgaard yn Ljouwert rint leech. Hieltyd mear ûndernimmers slute de doaren, omdat der benammen yn de passaazje te min klanten rinne. Dat soe komme omdat der nei de brân twa supermerken oan de bûtenkant fan it winkelgebiet boud binne.

De bewenners fine it ek spitich dat der hieltyd mear winkels leech komme te stean. Sy tinke dat it oan de hege hieren leit. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)