Underhâldspot SW-FRL 185.000

De gemeente Súdwest-Fryslân lûkt alle jierren op syn meast 185.000 euro út foar grut ûnderhâld oan de doarpshûzen, multyfunksjonele sintra en wykgebouwen. Dat hawwe boargemaster en wethâlders dizze wike besletten.
De ferskillende gemeenten dy't no Súdwest-Fryslân foarmje, hiene allegearre in oar belied wat doarpshûzen oanbelanget en der is besocht dat no gelyk te lûken. By de nije subsydzjeregeling wurdt ûnderskied makke tusken grutte, middelgrutte en lytse doarpshûzen.