Dupearren Helphûn krije help

De brânsjorganisaasje foar helphûnen, wol dupearren fan de stifting Helphûn Fryslân op It Hearrenfean bystean. Dit nei oanlieding fan in útstjoering fan it SBS programma 'Undercover yn Nederlân'. Hjiryn kaam de mem fan in autistysk famke oan it wurd. Sy hie in hûn oanskaft dy't úteinlik hielendal net traind wie as helphûn.
De programmamakkers sizze dat der nochris 16 oare gefallen by harren bekend binne. De stifting Helphûn Fryslân is net oansletten by de brânsjorganisaasje. Dy is lykwols dochs benaud foar imagoskea.
De stifting Helphûn Fryslân fan It Hearrenfean koe tiisdei net reagearje. Op de webside fan de stifting stiet wol in ferklearring fan it bestjoer. De saken lizze nuansearder as yn de útstjoering fan SBS nei foaren brocht is. De stifting wurket no in pear jier mei it pleatsen fan helphûnen. Ut ûnderfining docht no bliken dat - net tsjinsteande alle foarljochting en begelieding - de ferwachtingen by de âlden fan bern mei autisme te grut binne. Yn dat gefal wurdt de hûn neffens de stifting net goed ynsetten.