Dronken tsjin brievebus riden

19 des 2011 - 10:06

De plysje hat sneintenacht in 21-jierrige ynwenner fan Dokkum oppakt, omdat er mei de auto in brievebus en boskjes fernield hie. Dat wie oan de Meinsmawei yn Moddergat. De man wie nei de oanriding útnaaid, mar koe letter oanhâlden wurde. In tsjûge hie it kenteken fan syn auto trochjûn.

Ut in blaastest die bliken dat de Dokkumer tefolle dronken hie. Syn rydbewiis is ynnaam. Hy hat boppedat in proses-ferbaal krige.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)