Grinzer fragen oer aaisykjen
Provinsjale steaten yn Grinslân praat oer it aaisykjen yn Fryslân. Oanlieding is it beslút fan de provinsje Fryslân om it aaisykjen wer ta te stean, en om dêrneist ek nochris grien ljocht te jaan foar it meinimmen fan ekstra aaien. De Partij voor de Dieren hat ien sit yn de Grinzer steaten en wol dat de Grinzer natuerdeputearre by de Fryske kollega oan de belle lûkt.
It steatelid fynt it frjemd dat der yn Grinslân in soad jild stutsen wurdt yn it behâld fan de ljip, wylst er yn Fryslân aaien meinaam wurde.
De partij slút net út dat steatefraksjes yn oare provinsjes op deselde wize besykje druk út te oefenjen op it belied hjir yn Fryslân. De Partij voor de Dieren is net fertsjinwurdige yn de Fryske steaten.