Giga-wandkleed yninoar set

19 feb 2013 - 12:25

Yn de sportskoalle fan Wommels wurdt tiisdei in wandkleed fan 21 by 6 meter yn elkoar set. It kleed is makke troch keunstner Claudy Jongstra. Sy is mei fiif oaren dwaande om fan ferskate lappen ien wandkleed te meitsjen.

It kleed komt úteinlik te hingjen yn it Fries Museum. Jongstra hat fan it museum de opdracht krigen om Fryslân út te drukken yn it kleed. Se brûkt ûnder oare in 18e ieuske knooptechnyk foar de hoarizon. Se hat mei in team fan 12 meiwurkers trije jier wurke oan it kleed. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)