Jong Hearrenfean wint topper

18 feb 2013 - 22:21

Jong Hearrenfean hat de topper tsjin Jong RKC Waalwyk mei 2-1 wûn. Yn it Abe Lenstra stadion seagen sa'n 6000 meastal jeugdige taskôgers in minne wedstriid. Op papier wie de striid tusken de nûmers ien en twa in topper, yn it fjild net. Mark Uth sette de thúsploech krekt foar it skoft op foarsprong. Nei tsien minuten yn de twadde helte ferdûbele Luciano Slagveer de foarsprong. Beide kearen wie Hakim Ziyech de oanjouwer. Furhgill Zeldenrust makke dêrnei de moaie treffer foar RKC. Jong Hearrenfean bliuwt koprinner mei 26 út 11.

Jong Utrecht hat 23 út 12 en Jong RKC 20 út 11.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)