Nachtopfang wer iepen

Nachtopfang Zienn © Google Street View
De nachtopfang fan Zienn yn Ljouwert giet tiisdei wer iepen. Dat bart fanwege it kâlde waar dat deroan komt.
It is foar de fjirde kear fan 't winter dat de nachtopfang yn Ljouwert iepensteld wurdt. De lêste kear wie fan 8 oant en mei 13 febrewaris. Der sliepten doe yn trochsneed fjirtich minsken de nacht yn de opfang. De drokste nacht wie ferline jier 12 oktober. Doe wiene der 46 sliepers yn De Terp.