Friezen tsjin provinsjefúzje

18 feb 2013 - 17:07

Friezen bin poer op de fúzje tusken provinsjes tsjin. Acht op de tsien Friezen fynt it in min plan. Dat is de útkomst fan in enkête fan it televyzjeprogram Een Vandaag yn gearwurking mei Omrop Fryslân. Friezen sjogge allinnich as it echt moat, heil yn in weryndieling mei Grinslân. Der diene yn ús provinsje goed 1200 minsken mei oan de enkête.

Friezen fine wol dat der besunige wurde kin op de provinsje. Dat ûnderskriuwt it provinsjebestjoer ek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)