Dwight Lodeweges nei Cambuur

18 feb 2013 - 17:02

Dwight Lodeweges is tiisdei presintearre as de nije trainer fan SC Cambuur. Hy hat in kontrakt foar twa jier tekene. De 55-jierrige trainer wie earder trainer of assistint-trainer by Go Ahead Eagles, FC Zwolle, FC Grins, SC Hearrenfean, PSV en NEC. Ek hat er yn it bûtenlân wurke. Lodeweges is op dit stuit trainer fan sneonshaadklasser VVOG yn Hurderwyk. As fuotballer spile er by de Go Ahead Eagles, yn syn heitelân Kanada en yn Amearika. Lodeweges wurdt njonken syn funksje as trainer ek ferantwurdlik foar it technyske belied.

De technyske stêf foar it kommende seizoen is rûn, neidat ek assistint Jan Bruin syn kontrakt mei twa jier ferlingd hat. De fjouwer man dy't it yn 2013-2014 dwaan moatte as stêf binne Dwight Lodeweges, Henk de Jong, Sandor van der Heide en Jan Bruin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)