Wurk oan Kade kontrolearre

Mei trillingsmjitters sil de gemeente It Bilt en de oannimmer de kommende tiid besjen oft it yn de grûn slaan fan izeren daamwanden net foar skea soarget oan De Kade yn St Anne. De oannimmer is moandei mei it wurk úteinset. Tagelyk komt der in nij rioel en wurdt de bestrjitting opnij lein.
De strjitte en de wâl fan De Kade rekken bot fersakke, ûnder oare troch baggerwurk fan de provinsje. De gemeente hat yn it foar wiidweidich oerlein mei de omwenners oer it wurk. In soad huzen oan De Kade binne âld en hawwe gjin fundearring.
De opknapbeurt fan De Kade kostet 1,4 miljoen euro. De gemeente hopet noch op inkele tsientûzenen euro's fan de provinsje, as kompensaasje foar de skea troch it baggerwurk. Foar de simmer moat it wurk klear wêze.