Sympoasium oer taalryk Europa

18 feb 2013 - 14:50

De British Council en de Fryske Akademy hâlde op 1 maart yn Ljouwert in sympoasium. Under de namme 'Taalryk Europa, belied en praktyk' wurde ferskate lêzings jûn.

Foar it projekt Language Rich Europe is de posysje fan talen ûndersocht yn mear as tweintich lannen en regio's. Dêrby is net inkeld sjoen nei it ûnderwiis, mar ek nei bygelyks it bedriuwslibben en de media. De útkomsten fan it sympoasium sille op 6 maart presintearre wurde yn Brussel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)