Graafmasine fernield

Plysje-embleem © ANP
De plysje op It Hearrenfean siket tsjûgen yn ferbân mei de fernieling fan in graafmasine op in bedriuweterrein oan de Domela Nieuwenhuiswei. De spegels, de ferljochting, de diseltank, in antenne en de hydraulyske liedings fan de masine moasten it belije.
Fierders waard yn it diel dêr't de motor sit, ek noch in brânblusser leechspuite en it lakwurk hie ek skea. De fernielings binne nei alle gedachten sneintemiddei oanrjochte.