Satyricon op Into the Grave

Satyricon út Noarwegen
De band Satyricon út Noarwegen is de twadde headliner op it metalfestival Into the Grave yn Ljouwert. Sy binne tegearre mei it Britske Paradise Lost de grutte nammen op it festival by de Aldehou. De organisaasje makket fierders bekend dat se de Ingelske band Heaven's Basement ek kontraktearre hawwe. Al earder fêstlein binne Devil Driver, Jungle Riot en Bliksem.
It jierlikse metalfestival yn it sintrum fan Ljouwert is dit jier op 10 augustus.