Waadtocht yn natuermuseum

Yn it Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert is moandei in útstalling oer de Waadsee iepene. Yn de oerkape binnentún fan it museum is 7 kúb sân delstoart en is in stikje Waadsee sa goed mooglik neimakke, mei opsette bisten, skulpen en fisken. Under lieding fan in gids kin dêr dan in Waadtocht fan in kertier makke wurde.
Foar it natuermuseum is de maitiidsfakânsje in belangrike perioade. Ferline jier luts it museum yn twa wike tiid 5000 besikers mei in scouting survival.
No wurdt opnij rekkene op in soad folk, ûnder oare omdat de Waadferiening belutsen is by de organisaasje. Dy hat al syn 45.000 leden op de hichte steld fan de útstalling.