Westra tredde yn de Algarve

17 feb 2013 - 17:09

Hurdfytser Lieuwe Westra is snein tredde wurden yn it einklassemint fan de Ronde fan de Algarve. Op de ôfslutende tiidrit snein oer 34,8 kilometer kaam Westra as fjirde oer de streek. De hurdfytser fan De Tynje kaam ien tel te koart foar it tredde plak yn de tiidrit en dêrmei in twadde plak yn it klassemint. Westra waard sneon al tredde yn de etappe.

De winst yn de tiidrit en de einoerwinning wie foar de Dútser Tony Martin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)