Alde filmkes fan Stiens

It projekt Blik op Byld Ljouwerteradiel hat doazenfol âlde filmkes opsmiten. It giet om mear as tsien oeren dûbel-8-filmkes dy't yn de jierren '60 oant '80 makke binne. Se litte de doarpen en omjouwing sjen litte. Bewenners fan Ljouwerteradiel koene sneon mei sels opnommen âlde filmkes nei de biblioteek fan Stiens komme om se sjen te litten.
De gemeente Ljouwerteradiel, it Histoarysk Sintrum Ljouwert, it Frysk Filmargyf en de Dokumentaasjestichting Ljouwerteradiel hienen de dei organisearre. It Frysk Filmargyf sil de films besjen.
Dan wurdt dúdlik oft der sprake is fan unyk materiaal.