Kramer stevenet ôf op 6e titel

Sven Kramer © awfoto.nl
De sechsde allround wrâldtitel kin Sven Kramer hast net mear ûntgean. Kramer einige snein mei 1.46.75 as fjirde op de 1500 meter by it WK yn Hamar. Yn in rjochtstreeks duel ferlear er fan syn grutste konkurrint Håvard Bøkko. De Noar wûn yn in tiid fan 1.46.34. Dat wie lykwols net genôch om Kramer yn it algemien klassemint fan it earste plak te ferdringen.
Yn de ôfslutende 10 kilometer sil Bøkko en Kramer útfjochtsje wa't nei fjouwer ôfstannen op it heechste plak stean sil.