Skakers Philidor winne fan HSG

Nick Maatman © Hiddo Zuiderweg
Skaakklup Philidor út Ljouwert hat sneon yn de earste klasse fan de skaakkompetysje mei romme sifers wûn fan HSG út Hilversum. Yn Hilversum einige de striid yn 7½ tsjin 2½. HSG wie twa jier ferlyn noch lânskampioen.
In spektakulêre ferrassing wie de oerwinning fan it 17-jierrich talint Nick Maatman út Aldeholtpea op de sterke grutmaster Predrag Nikolic út Bosnië. Nikolic hearde in skoft by de top tweintich fan de wrâld. De Bosniër krige in oanfal dy’t der gefaarlik útseach, mar Maatman luts úteinlik oan 'e langste ein.
Philidor bliuwt mei de oerwinning yn de race foar it kampioenskip yn de earste klasse. Se stean no twadde achter it team fan Max Euwe út Enschede.
De útslaggen:
1.Martijn Benschop - Migchiel de Jong 0-1
2.Predrag Nikolic - Nick Maatman 0-1
3.Kees Nagtegaal - Eddie Scholl 0-1
4.John Markus - Bas van der Lijn 0-1
5.Wim van der Wijk - Jan Hania ½-½
6.Klaas Harmsen - Harmen van den Berg 0-1
7.Vincent Pandelaar - Auke van der Heide 0-1
8.Jorgen Henseler - Jouke Algra ½-½
9. Herman van Engen - Jippe Kamstra 1-0
10.Johan Lindeman - Erik Sparenberg ½-½