Rút en gipswand stikkenslein

17 feb 2013 - 13:08

Yn Ljouwert binne sneontenacht twa manlju oppakt foar fernieling. In man fan 43 jier fan Dronryp soe in rút fan in wenhûs oan de Grinzerstrjitwei ynslein hawwe. Ien hie dat sjoen en daliks in sinjalemint oan de plysje trochjûn. Dêrop koe de Dronrypster oanhâlden wurde.

Letter dyselde jûn is ek noch in 24-jierrige Ljouwerter troch de plysje pakt foar fernieling. Hy sloech yn in hoarekagelegenheid oan it Ruterskertier mei de fûst troch in gipswand fan de húskeromte. De man krige in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Ljouwert ferniele
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)