Undersyk nei ynbraken Fryslân

17 feb 2013 - 11:26

De plysje docht ûndersyk nei in oantal ynbraken en pogingen ta ynbraak op ferskate plakken yn Fryslân yn de nacht fan sneon op snein.

Yn Nijhoarne waard ynbrutsen yn in hûs wylst de bewenners net thús wiene. De dieven namen sieraden mei. Yn in hûs yn De Rottefalle ûntdutsen de bewenners justerjûn let dat der ynbrutsen wie. Dêr wie jild en in i-Pad fuort.

Yn Eastermar namen dieven jild en sieraden mei. Yn Frjentsjer waard ynbrutsen yn in hûs oan de Seisbierrumerstrjitte. Dêr is nei alle gedachten neat meinommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)