Oppakt foar mishanneling

17 feb 2013 - 10:47

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein op trije plakken yn Fryslân minsken oanhâlden op fertinking fan mishanneling.

Yn Snits waard in portier fan in hoarekagelegenheid troch in 18-jierrige ynwenner fan Nijlân mishannele. In 16-jierrige ynwenner fan De Lemmer waard op in feest yn Koudum oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan swiere mishanneling. De jonge hie immen fan de organisaasje mei in fulpistoal en in baarnende oanstekker bedrige. Yn Ljouwert waard in 34-jierrige Mantgumer oppakt. Hy hie in 22-jierrige frou skopt en slein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)