Sven is de baas yn Hamar

16 feb 2013 - 19:05
  • Sven Kramer

Sven Kramer hat mei de winst op de 5000 meter de lieding nommen op it WK allround yn Hamar. Mei syn winnende tiid fan 6.13.42 makke er fan syn konkurrinten figuranten. Ivan Skobrev waard twadde yn 6.19.06, Bart Swings tredde yn 6.19.72. Håvard Bøkko moast nei syn bêste 500 meter mear as acht sekonden tajaan. Yn it klassemint hat Kramer foar de 1500 meter 0.48 foarsprong op Bøkko. Sverre Lunde Pedersen is tredde op 1.85 fan Kramer. Koen Verweij stiet sechsde, Jan Blokhuijsen is sânde en Renz Rotteveel njoggende nei de earste dei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)