Iepen dagen Herbarium Frisicum

16 feb 2013 - 17:53
  • Herbarium Frisicum
  • Reuze-denne-apel út it Herbarium Frisicum
  • Ut de kolleksje fan it Herbarium Frisicum

It Herbarium Frisicum yn Noardwâlde luts sneon op de earste iepen dei aardich wat folk. It Fryske herbarium hat ien fan de grutste priveekolleksjes droechplanten fan Europa. It hat boppedat ferskate nije oare, bysûndere oanwinsten, lykas de grutste dinne-appel fan de wrâld.

It Herbarium Frisicum hat oer de 100.00 droege planten yn de kolleksje. Dêr sitte ek seeplanten by. De eigener is noch op syk nei minsken dy't in herbarium thús hawwe en net witte wat se dêrmei oan moatte, bygelyks út in erfenis. Snein is der ek noch in iepen dei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)