Fêstbûne hûn yn de kjeld fûn

De achterlitten hûn © Hielke Wiening
De plysje fan It Hearrenfean is op syk nei de eigener fan in hûn. It bist siet op rekreaasjeterrein De Heide mei in reade rym oan in fytsestander fêst. In foarbygonger trof de hûn tongersdeitejûn oan yn de kjeld.
It giet om in sânkleurige Stafford fan 4 oant 5 jier âld. It dier wie goed fersoarge. Hy hie gjin chip en dus kin de eigener net achterhelle wurde. Minsken dy't witte fan wa't de hûn wêze kin, kinne belje mei de plysje.