Kramer set útein mei 9e plak

Sven Kramer, EK allround, Thialf © awfoto.nl
Sven Kramer is it WK allround úteinset mei in 9e plak op de 500 meter. Kramer klokte nei in falske start in tiid fan 36.71. De rider fan It Fean seach syn grutste konkurrint Håvard Bøkko in lytse marzje pakken troch 36,01 op it boerd te setten. Dat wie goed foar it sulver. De winst gong nei de Poal Zbigniew Brodka, dy't in winnende tiid fan 35.80 delsette. It brûns wie foar de Let Haralds Silovs (36.20).
Letter op de dei komme de manlju yn aksje op de 5 kilometer. Kramer sil dan besykje syn efterstân fan 7 tellen goed te meitsjen op Bøkko.