Wüst begjint poerbêst oan WK

16 feb 2013 - 14:37

Ireen Wüst is it WK allround yn in Noarske Hamar goed úteinset mei in twadde plak op de 500 meter. Wüst klokte in knappe tiid fan 39.35, har rapste tiid dit seizoen. De winst gong lykas ferwachte nei de Kanadese Christine Nesbitt, dy't mei oermacht wûn yn in tiid fan 38.60. It brûns wie foar Lotte van Beek mei har tiid fan 39.44.

Letter op de dei komme de froulju yn aksje op de 3000 meter. Snein stean de 1500 en de ôfslutende 5 kilometer op it program.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)