Radio Spannenburg úteinset

De fúzje fan de lokale omroppen yn de nije fúzjegemeente De Fryske Marren is fierwei op streek. Radio Gaasterlân en Radio Lemsterlân hawwe besletten op 1 jannewaris oer te gean op ien stjoerder dy't de namme Radio Spannenburg kriget. Dat moat ek wol, want der mei mar ien lokale omrop wêze yn de nije gemeente.
Der binne twa studio's: yn Balk en op De Lemmer dêr't de frijwilligers de útstjoerings wei fersoargje. De nije omrop siket noch om frijwilligers yn de gemeente Skarsterlân dy't ek yn De Fryske Marren sit. Dêr is no gjin lokale omrop.
Omrop Spannenburg wol graach twa studio's iepenhâlden om sa de reistiid foar de frijwilligers te beheinen. Neffens boargemaster Hoornstra fan Gaasterlân-Sleat is it mar de fraach oft dat kin. Neffens him is it finansjeel net realistysk en moatte de omroppen dochs neitinke oer ien sintrale studio.