Autodief brûkt falske kaai

16 feb 2013 - 12:32
  • Autokaai

De plysje hat freedtenacht yn de Ljouwerter Robbinsonstrjitte in 46-jierrige man oanhâlden op fertinking fan it stellen fan in auto. In 23-jierrige oare Ljouwerter seach dat de fertochte yn syn auto stappe woe. De fertochte hie in falske kaai fan de auto. Doe't de eigener nei syn auto ta rûn, waard de fertochte agressyf.

De plysje dy't ûndertusken kommen wie, koe de fertochte oanhâlde en hat him meinommen nei it buro. Dêr is proses-ferbaal tsjin him opmakke. It slachtoffer hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)