Soargen oer rykstsjinsten

16 feb 2013 - 11:29

De VVD en de PvdA yn de Twadde Keamer hawwe fragen steld oan minister Opstelten oer it ferdwinen fan it Iepenbier Ministearje út Ljouwert wei. Sa wolle ûnder oare Aukje de Vries en Lutz Jacobi witte oft it wier is dat de sechtich IM-meiwurkers tenei it wurk út Grins wei dwaan moatte. De partijen witte wat dat betsjut foar Ljouwert as folweardige justysjestêd. Neffens beide Keamerleden hâldt it regear him net oan de ôfspraken.

De saak leit gefoelich, omdat de takomst fan de fleanbasis en finzenis De Marwei yn Ljouwert mooglik ek faai stiet.

Alle partijen moatte itselde lûd hearre litte om de leechrin yn Ljouwert op te kearen, sizze Aukje de Vries en Lutz Jacobi. Dy partijen binne de gemeente, de provinsje en de Twadde Keamerleden.

As it Iepenbier Ministearje nei Grins giet, betsjut dat net dat de rjochtbank ek út Ljouwert wei ferdwynt. 'Ljouwert' sit sûnt 1 jannewaris fan dit jier yn it arrondissemint Noard-Nederlân, mei Assen en Grins. De meiwurkers fan it Iepenbier Ministearje soene, as it oan Opstelten leit, tenei fan Grins út wurkje. It gerjochtshôf fan Ljouwert is sûnt 1 jannewaris ek gearfoege, mei it hôf fan Arnhim. Sy behannelje de saken yn heger berop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)