Sieraden fan frou (88) stellen
In 88-jierrige frou út Snits is yn de ôfrûne wike bestellen. Yn har hûs oan de Jachthavenstrjitte is tusken 11 en 15 febrewaris ynbrutsen en binne sieraden meinommen.
It is noch ûnbekend hoe't de dieders deryn kommen binne. Dat wurdt noch ûndersocht troch de plysje.