UNIS Flyers wint fan Geleen

15 feb 2013 - 22:32

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha op it eigen iis mei 3-2 wûn fan Ruijters Eaters Geleen. Al nei in heale minút fûn Michael Nason it net fan de ploech út Limboarch. Geleen - de ploech makke dizze wike in trochstart nei in fallisemint - kaam yn de twadde perioade op 1-1, mar troch Jeffrey Martens begûnen de Flyers mei foarsprong oan de lêste perioade. Nason makke flot de 3-1 en Jeffrey Mens yn de lêste sekonden de 3-2. De Flyers binne wis fan it tredde plak. It twadde plak is noch mooglik. Dêr stiet Tilburch, snein de (út)tsjinstanner.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)