Van der Velde is der klear mei

15 feb 2013 - 19:20

Ald-Hearrenfean foarsitter Riemer van der Velde fynt dat de direksje fan SC Hearrenfean net op de man spylje moat. Neffens him moat der ynhâldlik praat wurde oer de situaasje by de klup. Op de persoan spylje smyt neat op. Van der Velde reagearret op in brief fan de direksje fan SC Hearrenfean op de webside fan de klup. Dêryn krijt de earefoarsitter it ferwyt dat hy de klup wittens en mienens skeint mei negative útlittings en krityk op beliedsbepalers. 'Ik bin der wol klear mei en doch hjir net oan mei', seit Van der Velde.

De earefoarsitter krige dizze wike fan de direksje te hearren dat hy net op skoutingsreis mei nei it Spaanske La Manga, in reis dy't hy al jierren makket. Neffens Van der Velde krige hy net in goeie útlis foar de maatregel. De maatregel is breed oppakt yn de parse en smyt in soad reaksjes op fan supporters en oare partijen binnen de fuotbalwrâld. Van der Velde komt no op 'e nij mei de suggestje om in ûnôfhinklike kommisje gear te stallen dy't ûndersyk dwaan moat nei de situaasje binnen de klup. Dy oprop die hy in pear moanne lyn ek al yn it Omrop Fryslân programma Boppeslach Kafee. As reden joech hy doe oan dat him in soad lûden berikke dat it net goed giet by SC Hearrenfean. De direksje en ried fan kommissarissen fiele neat foar sa'n kommisje. Sawol Van der Velde as de direksje fan SC Hearrenfean wolle net foar de mikrofoan op harren botsing yngean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)