Korporaasjes: 60 % minder jild

15 feb 2013 - 17:32
  • gearwurking korporaasjes

It nije wenakkoart fan minister Blok fan wenjen sil derfoar soargje dat noardlike wenningkorporaasjes hast 60 prosint minder jild stekke yn de bou en renovaasje fan hierwenten. Dat docht bliken út berekkenings fan Het Vitale Noorden, in gearwurkingsferbân fan acht noardlike korporaasjes.

Wenningferhierders betelje aanst folle mear ferhierdersheffing oan it Ryk wêrtroch't de hieren omheech gean sille. Dêrneist wurdt minder ynvestearre yn nij- en ferbou wat min is foar de wurkgelegenheid yn de bou.

Minister Blok wol ek dat korporaasjes goedkeaper wurkje sille. Dêrmei soene de noardlike korporaasjes al in flinke slach makke hawwe, sizze se sels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)