Museum freget om 'topstikken'

15 feb 2013 - 15:17
  • Jannewietske de Vries mei de smartphone

It Fries Museum ropt alle Friezen op om har eigen topstik yn te stjoeren. Dêrfoar is freed in spesjale website en app lansearre. Je kinne dan bygelyks mei je mobile tillefoan in foto meitsje en fuortendaliks ynstjoere. It giet dan om typysk Fryske saken.

De kommende tiid sil ek in smartphone ûnder tritich bekende Friezen rûngean: UsMobyl. De earste bekende Fries dy't de mobyl krige is deputearre Jannewietske de Vries. Se krige de smartphone freed út hannen fan museumdirekteur Saskia Bak. De deputearre gie fuortendaliks oan 'e slach.

It earste topstik dat se fêstlei is in skilderij fan Robert Zandvliet dat tydlik op 'e keamer fan De Vries hinget. Nei de deputearre giet de mobile tillefoan nei sjongeres Elske DeWall. Omrop Fryslân sil de ynstjoeraksje alle woansdeis folgje yn radioprogramma Omnium.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)