IIsrinrekôr yn Guinness Book

bleate fuotten op iis thialf
De Ice Challenge fan jannewaris yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean is offisjeel opnaam yn it Guinness Book of Records. De rekôrpoging waard organisearre troch de Friesland Post. Doel wie om mei safolle mooglik minsken ien kilometer op bleate fuotten oer it iis fan it stadion te rinnen. Om yn it Guinness Book te kommen, moasten dêr op syn minst 250 minsken oan meidwaan.
Dat tal waard helle: mei-inoar rûnen 361 minsken mei, ûnder wa âld-reedrider Jan Ykema en sjongeres Iris Kroes. Se diene der mei syn allen 13,5 minút oer.